Fryske Akademy wikselet út (ferslach 2013)
Akademy wikselet út
De Fryske Akademy hat fan 17 oant en mei 21 juny meidien oan de Week van de Uitwisseling, in inisjatyf fan de stichting WerkeninFriesland. WerkeninFriesland is in gearwurkingsferbân fan 34 oerheidsynstânsjes yn Fryslân, dy’t de arbeidsmobiliteit en it oparbeidzjen yn Fryslân stimulearje wol.
De wike fan de útwikseling waard dit jier foar de twadde kear organisearre. De bedoeling wie dat elk dy’t dat nijsgjirrich fynt, de gelegenheid krige om ris in dei by in oare organisaasje mei te rinnen. Soks as mooglikheid om nei oare wizen fan wurkjen te sjen, te netwurkjen, mooglikheden foar de karriêre nei te gean en mobiliteit yn Fryslân op gong te bringen.
Fiif meiwurkers fan de Fryske Akademy diene mei oan de útwikselwike en wiene te gast by ûnder mear it CJIB, Provinsje Fryslân, NHL Hogeschool en Tresoar. By de Fryske Akademy kamen op tiisdei 18 juny acht meiwurkers fan de plysje, it CJIB, tsjinst Sosjale Saken NoardWest Fryslân, Provinsje Fryslân en de gemeentes Kollumerlân en Littenseradiel.
Koarte ympresje
Anneke Hoekstra, yn it deistich libben kommunikaasjemeiwurker by de gemeente Littenseradiel, jout in koarte ympresje fan de dei dat se te gast wie by de Fryske Akademy: ῾Cobi Vogelzang en Nora Pratley fan Personiel & Organisaasje fan de Fryske Akademy, makken dizze dei mooglik. De dei begûn yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint mei kofje en in foarstelrûntsje. Tige nijsgjirrich wiene de presintaasjes fan Han Nijdam, Peter van der Meer en Jan van der West. Sa learden wy ûnder oaren hoefolle de Frije Friezen om 1300 hinne betelje moasten as se in oar de noas ôfsnieën of in hân, beseagen wy it nijsgjirrige HISGIS-projekt en learden wy dat twataligens in soad fertuten docht foar opgroeiende bern. Nei de lunsj kaam de rûnlieding, trepkes op en ôf en fansels – mei tastimming – wat laden iepenje yn dé keamer fan it Frysk Wurdboek. Dêrnei gong de groep út inoar en waarden de minsken foarsteld en koene se yn ’e kunde komme mei it wurk fan de ôfdielings Taalkunde, Sosjale Wittenskippen en Skiednis, mar ek by de wittenskipsstypjende tiims fan sekretariaat en kommunikaasje. En sadwaande sit ik hjir no dit stikje te typen. Ik bin it mei Cobi Vogelzang iens: in soad minsken hawwe faaks it idee dat de Fryske Akademy wol saai wêze moat, mar ast wat fierder sjochst, docht bliken dat dat hielendal net sa is. It is krekt tige nijsgjirrich! Ik hoopje fan herte dat de Fryske Akademy takom jier wer meidwaan sil oan de Week van de Uitwisseling. ̓