Terug naar opdrachten

Creatief producent publiekspresentaties Obe

Tresoar

Standplaats: Leeuwarden

Aanvang uitvoering opdracht: 01-06-2021

Einddatum opdracht: 31-12-2021

Uren per week: 16

Opdracht omschrijving

(Friese tekst onderaan)

Over Tresoar

Bij Tresoar, erfgoedinstelling van Fryslân, willen we zoveel mogelijk informatie delen en verhalen vertellen. Dat willen we niet alleen zelf doen, maar mét anderen, want met elkaar zien en weten we meer van en over Fryslân. En dat is onze centrale missie: kennis van cultuur en geschiedenis op innovatieve wijze overdragen en het verbinden van verleden, heden en toekomst.

We willen het Friese erfgoed overdragen aan volgende generaties. Dat doen we door de tientallen kilometers aan archiefmateriaal en de vele terabytes aan digitale informatie duurzaam te bewaren en bruikbaar en zichtbaar te maken. Maar niet alleen daardoor. Bij een bezoek aan Tresoar merk je al gauw dat ons gebouw een laagdrempelige, meertalige en bruisende ontmoetingsplek is die gebruikt wordt als plaats om te onderzoeken, te ontdekken en te vertellen. Er vinden activiteiten plaats voor jong en oud, van concerten tot kindercolleges, en het is voor studenten en wetenschappers de ideale ruimte voor onderzoek. Obe, ons prachtige cultuurpaviljoen, biedt podium aan publieksevenementen op het gebied van taal, kunst en Friese literatuur.

Het werkveld

Tresoar wortelt diep in de Friese cultuur. Meer dan 1000 jaar geschiedenis van mens en landschap ligt in onze archieven en collecties opgeborgen. Maar… het verleden is nooit voorbij!

Tresoar is één van de belangrijkste centra van cultuuroverdracht in Fryslân en Nederland en stimuleert de reflectie op verleden en heden door makers - dichters, schrijvers, kunstenaars, onderzoekers – in staat te stellen werk te produceren en te presenteren via het eigentijdse podium Obe. Zo dragen we bij aan een vitaal en relevant cultureel klimaat. In het kader daarvan zoeken wij een creatief producent publiekspresentaties die meewerkt aan de ontwikkeling van Obe als podium voor Friese taal, cultuur en literatuur in een multiculturele, meertalige en multimediale context. Breng jij de programmering voor Obe tot stand?

De opdracht

  • Je brengt voor de periode 2021-2022 een programmering van Obe tot stand binnen de kaders van het meerjarenbeleidsplan van Tresoar en aansluitend op overkoepelende culturele programma’s in Fryslân (bijvoorbeeld Triënnale Arcadia 2022, Explore the North)
  • Je werkt de programmering uit in projectplannen waarin niet alleen inhoud, maar ook financiële en personele middelen worden benoemd en waarin netwerken en stakeholders zijn gedefinieerd
  • Je voert de projecten in teamverband uit en evalueert deze

Wat verwachten wij van jou?

Tresoar wil via Obe de link leggen met diverse doelgroepen – makers en cultuurconsumenten – op een regionaal, nationaal en internationaal niveau. Je denkt en werkt vanuit de doelstellingen van Tresoar, zoals beschreven in het meerjarenbeleidsplan 2021-2024 en realiseert de vernieuwing in activiteiten en doelgroepsbereik vanuit een sterke multimediale, meertalige en inclusieve oriëntatie. Daarbij is het benoemen van de maatschappelijke impact in relatie tot de vraagstukken die in Fryslân relevant zijn een belangrijke focus (internationalisering, meertaligheid, e.d.). Je gebruikt de middelen die Tresoar daarvoor beschikbaar stelt, zowel in materiële zin (middelen en faciliteiten) als in immateriële zin (netwerk, formele en informele stakeholders).

Wie ben jij?

Je kent de uitdagingen van de concept- en productiefase. Jij weet wanneer iets goed is, wat iets kost en wat er nodig is om geweldig werk te creëren. Jij neemt de leiding in projecten en zorgt ervoor dat de processen soepel verlopen.

Mensen lopen met je weg omdat je alles tot in de puntjes hebt geregeld. Jij hebt er geen enkel probleem mee om te schakelen op alle niveaus. Je bent creatief, maar ook een echte regelneef. Je weet dat het er allemaal bij hoort: het luisteren naar de klant, het maken van een planning, het briefen van freelancers, het indelen van budgetten en het bijhouden van de administratie, het afstemmen met projectleiders, het in goede banen leiden van het hele traject (inclusief nazorg).

Herken jij jezelf in de volgende punten? Dan komen we graag met jou in gesprek!

  • Je hebt HBO/WO denkniveau
  • Je hebt minimaal 3 jaar ervaring in een projectmanagementfunctie
  • Je hebt ervaring met eventorganisatie en programmeren
  • Je hebt kennis van en ervaring met het werken met partijen in het Friese culturele veld 
  • Je hebt ervaring met het organiseren van multimediale projecten en het creëren van ‘cross-overs’ tussen verschillende artistieke disciplines
  • Je bent ondernemend, initiatiefrijk, kritisch en stressbestendig
  • Je bent optimistisch en je denkt in mogelijkheden
  • Je werkt efficiënt en focust je op het resultaat
  • Je kent de markt (connecties) en de mogelijkheden (technieken)
  • Je bewaakt het overzicht en houdt de balletjes in de lucht
  • Je weet als geen ander creatieve concepten naar concrete plannen te vertalen
  • Je werkt gestructureerd en zorgt voor orde en rust binnen de productie.

Samenwerken voor de toekomst

Werkzaam zijn bij Tresoar houdt in dat je deel uitmaakt van een creatief en bevlogen team van ongeveer 70 medewerkers en 70 vrijwilligers. We kennen elkaar en spreken elkaar makkelijk aan. Bij Tresoar heb je volop mogelijkheden jezelf te ontwikkelen, ontmoet je veel mensen en krijg je veel ruimte om zelf je tijd in te delen, of dat nu vanuit huis is of op kantoor. Bovendien werk je in een prachtige architectonische en dynamische omgeving. Wolkom!

Beloning en duur van de opdracht

Het brutoloon is afhankelijk van je kennis en ervaring tussen € 50 en 65 euro per uur. De opdracht is voor gemiddeld 16 uur per week tot en met 31-12-2021.

Wil je meer weten?

Voor meer informatie over de opdracht kun je terecht bij: Neeltje van der Weide, opdrachtregisseur Publieksprojecten.  Voor informatie over de procedure en de honorering kun je terecht bij Tiety Koonstra, P&O-adviseur Zij zijn te bereiken via ons algemeen nummer 058-7890789. Je kunt je vragen ook per mail aan ons voorleggen: hr@tresoar.nl

Heb je interesse in deze opdracht? Stuur dan uiterlijk 16 mei een e-mail via werkeninfriesland naar Tiety Koonstra, P&O adviseur. We lezen graag wat jouw motivatie is om op deze opdracht te reageren.

----------------------------------------------Frysketekst---------------------------------------------------------------------

Oer Tresoar

Tresoar is de erfgoedynstelling fan Fryslân. Wy wolle safolle mooglik ynformaasje diele en ferhalen fertelle. Dat wolle wy net allinnich sels dwaan, mar ek mei oaren, want mei-inoar sjogge en witte wy mear fan en oer Fryslân. En dat is ús sintrale missy: kennis fan kultuer en skiednis op ynnovative wize oerdrage en it ferbinen fan ferline, hjoed en takomst.

Wy wolle it Fryske erfgoed oerdrage oan nije generaasjes. Dat dogge wy troch de tsientallen kilometers oan argyfmateriaal en in ûnwittend soad terabytes oan digitale ynformaasje duorsum te bewarjen en brûkber en sichtber te meitsjen. Mar net allinnich dêrtroch. By in besite oan Tresoar fernimst al gau dat ús gebou in leechdrompelich, meartalich en libben moetingsplak is dat brûkt wurdt as plak om te ûndersykjen, te ûntdekken en te fertellen. Der binne aktiviteiten foar jong en âld, fan konserten oant bernekolleezjes, en it is foar studinten en wittenskippers de ideale romte foar ûndersyk. OBE, ús prachtige kultuerpaviljoen, is in poadium foar publykseveneminten op it mêd fan taal, keunst en Fryske literatuer.

It wurkfjild

Tresoar woartelet djip yn de Fryske kultuer. Mear as 1000 jier skiednis fan minsken en lânskip leit opburgen yn ús argiven en kolleksjes. Mar… it ferline is nea foarby!

Tresoar is ien fan de wichtichste sintra fan kultueroerdracht yn Fryslân en Nederlân en stimulearret de refleksje op doe en no troch makkers - dichters, skriuwers, keunstners, ûndersikers – by steat te stellen wurk te produsearjen en te presintearen fia it eigentiidske poadium Obe. Sa drage wy by oan in fitaal en relevant kultureel klimaat. Yn it ramt dêrfan sykje wy in kreatyf produsint publykspresintaasjes dy’t meiwurket oan de ûntjouwing fan Obe as poadium foar Fryske taal, kultuer en literatuer yn in multykulturele, meartalige en multymediale kontekst. Makkesto aanst it programma foar Obe klear?

De opdracht

• Do bringst foar de perioade 2021-2022 in programmearring fan Obe ta stân binnen it ramt fan it mearjierrebeliedsplan fan Tresoar en oanslutend op oerkoepeljende kulturele programma’s yn Fryslân (bygelyks Triënnale Arcadia 2022, Explore the North)

• Do wurkest de programmearring út yn projektplannen dêr’t net allinne ynhâld, mar ek finansjele en personele middels yn beneamd wurde en dêr’t netwurken en stakeholders definieare binne

• Do fierst de projekten yn teamferbân út en evaluearrest dy

Wat ferwachtsje wy fan dy?

Tresoar wol fia Obe in link lizze mei ferskate doelgroepen – makkers en kultuerkonsuminten – op in regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo. Do tinkst en wurkest fan de doelstellingen fan Tresoar út, lykas beskreaun yn it mearjierrebeliedsplan 2021-2024 en realisearest de fernijing yn aktiviteiten en it berikken fan doelgroepen fan in sterke multymediale, meartalige en ynklusive oriïntaasje út. It beneamen fan de maatskiplike impact yn relaasje ta de fraachstikken dy't yn Fryslân relevant binne, is dêr in wichtige fokus by (ynternasjonalisearjen, meartaligens ensfh.).

Do brûkst de middels dy’t Tresoar dêr beskikber foar stelt, sawol yn materiële sin (middels en fasiliteiten) as yn ymmateriële sin (netwurk, formele en ynformele stakeholders).

Wa bisto?

Do kenst de útdagingen fan de konsept- en produksjefaze. Do witst wannear’t eat goed is, wat eat kostet en wat der nedich is om geweldich wurk te meitsjen. Do nimst de lieding yn projekten en soargest derfoar dat de prosessen soepel ferrinne. Minsken priizgje dy heech om'tst alles supergoed regele hast.

Do hast der gjin inkeld probleem mei om te skeakeljen op alle nivo’s. Do bist kreatyf, mar ek in echte regeler. Do witst dat it der allegear by heart: it harkjen nei de klant, it meitsjen fan in planning, it jaan fan ynformaasje oan freelancers, it yndielen fan budzjetten en it byhâlden fan de administraasje, it ôfstimmen mei projektlieders, it yn goede banen lieden fan it hiele trajekt (ynklusyf neisoarch).

Werkenst dysels yn de folgjende punten? Dan komme wy graach mei dyn yn petear!

  • Do hast HBO/WO tinknivo
  • Do hast op syn minst 3 jier ûnderfining yn in projektmanagementfunksje
  • Do hast ûnderfining mei it organisearjen fan eveneminten  en programmearjen
  • Do hast kennis fan en ûnderfining mei it wurkjen mei partijen yn it Fryske kulturele fjild
  • Do hast ûnderfining mei it organisearjen fan multymediale projekten en it meitsjen fan ‘cross-overs’ tusken ferskate artistike dissiplines
  • Do bist ûndernimmend, inisjatyfryk, kritysk en stressbestindich
  • Do bist optimistysk en do tinkst yn mooglikheden
  • Do wurkest effisjint en hast in fokus op it resultaat
  • Do kenst de merk (konneksjes) en de mooglikheden (techniken)
  • Do bewekkest it oersjoch en hâldst de baltsjes yn de loft
  • Do witst as gjin oar kreative konsepten nei konkrete plannen oer te setten
  • Do wurkest strukturearre en soargest foar oarder en rêst binnen de produksje.

Gearwurkje foar de takomst

Wurkje by Tresoar hâldt yn datst part bist fan in kreatyf en beflein team fan likernôch 70 meiwurkers en 70 frijwilligers. Wy kenne inoar en sprekke inoar maklik oan. By Tresoar hast mooglikheden by 't soad om dysels te ûntwikkeljen, trefst in soad minsken en krigest in soad romte om sels dyn tiid yn te dielen, of dat no fan it thúswurkplak út is of op kantoar. Boppedat wurkest yn in prachtige arsjitektoanyske en dynamyske omjouwing. Wolkom!

Beleanning en doer fan de opdracht

It brutolean is ôfhinklik fan dyn kennis en ûnderfining en leit tusken € 50 en € 65 it oere.

De opdracht is  foar gemiddeld 16 oeren yn de wike oant en mei 31-12-2021

Wolst mear witte?

Foar mear ynformaasje oer de funksje kinst telâne by: Neeltje van der Weide, opdrachtregisseur Publyksprojekten. Foar ynformaasje oer de proseduere en de betelling kinst terjochte by Tiety Koonstra,  P&O-adviseur. Berikst harren fia ús algemiene telefoannûmer 058-789789. Kinst dyn fragen ek mei de mail nei ús stjoere: hr@tresoar.nl

Hast ynteresse yn dizze opdracht? Stjoer dan uterlik 16 maaie in e-mail nei fia werkeninfriesland naar Tiety Koonstra, P&O-adviseur. Wy lêze graach wat dyn motivaasje is om op dizze opdracht te reagearjen.

Fries tekst onderaan

Wat verwachten wij van jou?

Tresoar wil via Obe de link leggen met diverse doelgroepen – makers en cultuurconsumenten – op een regionaal, nationaal en internationaal niveau. Je denkt en werkt vanuit de doelstellingen van Tresoar, zoals beschreven in het meerjarenbeleidsplan 2021-2024 en realiseert de vernieuwing in activiteiten en doelgroepsbereik vanuit een sterke multimediale, meertalige en inclusieve oriëntatie. Daarbij is het benoemen van de maatschappelijke impact in relatie tot de vraagstukken die in Fryslân relevant zijn een belangrijke focus (internationalisering, meertaligheid, e.d.). Je gebruikt de middelen die Tresoar daarvoor beschikbaar stelt, zowel in materiële zin (middelen en faciliteiten) als in immateriële zin (netwerk, formele en informele stakeholders).

Wat ferwachtsje wy fan dy?

Tresoar wol fia Obe in link lizze mei ferskate doelgroepen – makkers en kultuerkonsuminten – op in regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo. Do tinkst en wurkest fan de doelstellingen fan Tresoar út, lykas beskreaun yn it mearjierrebeliedsplan 2021-2024 en realisearest de fernijing yn aktiviteiten en it berikken fan doelgroepen fan in sterke multymediale, meartalige en ynklusive oriïntaasje út. It beneamen fan de maatskiplike impact yn relaasje ta de fraachstikken dy't yn Fryslân relevant binne, is dêr in wichtige fokus by (ynternasjonalisearjen, meartaligens ensfh.).

Do brûkst de middels dy’t Tresoar dêr beskikber foar stelt, sawol yn materiële sin (middels en fasiliteiten) as yn ymmateriële sin (netwurk, formele en ynformele stakeholders).

De planning

Start publicatie 04-05-2021
Einddatum vragen 14-05-2021
Beantwoording vragen 14-05-2021
Sluiting publicatie 16-05-2021 13:27
Beoordeling offertes (vanaf) 17-05-2021
Verwachte terugkoppelingsdatum 20-05-2021