Terug naar vacatures

BESTJOERSLID ADVYSORGAAN FOAR DE FRYSKE TAAL DINGTIID

Provincie Fryslân

Benodigde opleiding: HBO 

Dienstverband: Bijbaan 

Aantal uren per week: ?

Gepubliceerd op : 14-10-2021

Sluitingsdatum : 04-11-2021

It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. DINGtiid docht dat ûnder oaren troch frege en net-frege te advisearjen oan it Ryk en Provinsje Fryslân en troch te sinjalearjen omtrint ûntjouwingen oangeande de Fryske taal. It bestjoer fan DINGtiid bestiet út fiif leden en wurdt stipe troch in stêfburo. Elk fan de fiif leden hat har of syn eigen portefúlje (ûnder oaren gebrûk fan Frysk yn de media, rjocht, ûnderwiis, kultuer en bestjoerlik ferkear). Der ûntstiet in fakatuere troch it ôfrinnen fan de twadde termyn fan ien fan de bestjoersleden. Yn de proseduere wurdt rekken hâlden mei de ferhâldingen binnen it bestjoer.

Jo profyl

  • Fan jo wurdt ferwachte dat jo in wichtige bydrage leverje kinne oan de ûnôfhinklike advysrol fan DINGtiid oangeande Frysk yn it ûnderwiis.
  • Jo ha in grut hert foar de Fryske taal en kultuer, en ha yn alle gefallen de taal mûnling aktyf en skriftlik passyf yn de macht.
  • Jo ha in goed gefoel foar polityk-bestjoerlike ferhâldingen; polityk-bestjoerlike ûnderfining tsjinnet ta oanbefelling.
  • Jo begripe wat der spilet yn Fryslân, en kenne it paad yn/nei de Fryske bestjoerlike wrâld en it maatskiplik fjild.
  • Jo hawwe ideeën en fisy oangeande de takomst fan it Frysk.
  • Jo binne tagonklik en wenje by foarkar yn de provinsje Fryslân of binne yn alle gefallen ree om geregeldwei nei de provinsje ôf te reizgjen.
  • Jo wurde beneamd op persoanlike titel en hannelje as lid fan DINGtiid net út namme fan (belange)organisaasjes dêr’t jo oan ferbûn binne.
  • Meer ynformaasje: https://dingtiid.frl/

Wil je meer weten?

Voor verdere informatie over de functie kun je terecht bij:
Jan Koster voorzitter Dingtiid
06 20967266
bestjoer@dingtiid.frl

Voor informatie over sollicitatieprocedure en de rechtspositie kun je terecht bij :
Ellen Kools Hr adviseur
0646994293
e.kools@fryslan.frl


Online solliciteren?

Heb je interesse in deze vacature? Stuur dan een e-mail met cv en motivatie naar: bestjoer@dingtiid.frl
We lezen graag wat jouw motivatie is om op deze vacature te reageren.
Sollicitaties moeten uiterlijk 04-11-2021 binnen zijn.

Solliciteer