Terug naar vacatures

Steate-adviseur

Provincie Fryslân

Benodigde opleiding: HBO 

Dienstverband: Vast/Fulltime 

Aantal uren per week: 36

Gepubliceerd op : 19-11-2020

Sluitingsdatum : 06-12-2020

besieling? Lês dan fierder.

De Steategriffy is de earste adviseur foar de leden fan Provinsjale Steaten. De griffy jout in breed skala oan stipe: fan digitale dokuminten oant it ynsetten fan politike ynstruminten, fan wurkbesiten oant boarger- of Steate-inisjativen. De Steategriffy wol de Fryske Steateleden optimaal stypje yn de rollen dy’t in Steatelid hat: ramten stelle, kontrolearje en folksfertsjintwurdiger wêze. Dat freget om in kwalitatyf heechweardige advisearring, guontiden ûnder hege tiidsdruk.

It wurk fan in Steate-adviseur

As Steate-adviseur makkest ûnderdiel út fan de Steategriffy. De taken fan de Steate-adviseur besteane út it stypjen fan de Steateleden, soms spesifyk de kommisjefoarsitter, by harren wurk as Steatelid. As der in kommisjegearkomste is, dochst it sekretariaat fan de kommisje. Fierders makkest útstellen en notysjes foar de Steaten en bringst advys út oer it behanneljen fan útstellen dy’t oan de Steaten rjochte binne. Organisearrest ek wurkbesiten en bysûndere byienkomsten lykas expertmeetings foar Steateleden.

Wat freegje wy?

Wy ferwachtsje entûsjasme en lef en minimaal in ôfrûne hbû-oplieding (bygelyks bestjoerskunde). Hast in goed gefoel foar polityk-bestjoerlike ferhâldingen, bist analytysk en hast in noas foar ynnovaasje en ferbetterings en setst dy oer nei de praktyk. Bist ek in generalist mei belangstelling foar de beliedsmêden dêr’t de provinsje binnen wurket. Underfining yn in (ferlykbere) funksje op in griffy hat de foarkar.

Selsstannich wurkjen en wurkjen yn tiimferbân komt beide foar, dêrom ferwachtsje wy datst goed gearwurkje kinst, ree bist om ek oare taken binnen de griffy mei oan te krijen en in grut ferantwurdlikheidsgefoel hast. Dêrnjonken ferwachtsje we ek datst goede kontakten ûnderhâldst mei de provinsjale organisaasje. Wy binne in twatalige organisaasje. Aktive behearsking fan it Frysk fine wy wichtich. Wurkjen yn ‘e jûnsoeren makket ûnderdiel út fan de funksje. It giet om in funksje fan 36 oeren wyks.

Wat biede wy?

  • In útdaagjende baan midden yn de Fryske provinsjale polityk.
  • In noflike wurksfear yn in aktyf en beflein tiim
  • In smoarch moannelean tusken € 3.506,28 en € 5.008,99 (skaal 11) by in wurkwike fan 36 oeren.
  • Treflike sekundêre arbeidsbetingsten, ûnder mear in Individueel Keuze Budget (IKB) fan ± 22%
  • In protte frijheid, fleksibiliteit, ferantwurdlikheid en fasiliteiten om thús te wurkjen.
  • In alsidige funksje yn in noflike wurkomjouwing. Yn it provinsjehûs yn de binnenstêd fan Ljouwert hast in wurkplak fol histoarje yn kombinaasje mei modern ûntwerp.
  • In tsjinstferbân foar 36 oeren wyks foar ien jier mei útsjoch op in fêste beneaming.

Verdere info: klik op de sollicitatielink:

https://www.tangram-tis.nl/10083/Vacatures/10083-02S00037EP/Vacature-Vacature%3A-Steate-adviseur?location=2#top

Nederlandse tekst is ook via de sollicitatielink te lezen


Wil je meer weten?

Voor verdere informatie over de functie kun je terecht bij:
Arnold Rosier Statengriffier
058-2925328
a.rosier@fryslan.frl

Voor informatie over sollicitatieprocedure en de rechtspositie kun je terecht bij :
D. Oosterhaven p&o-adviseur
058-2925931
d.oosterhaven@fryslan.frl


Online solliciteren?

Heb je interesse in deze vacature? Je sollicitatie kun je indienen via de website van : webformulier openen

Solliciteer