Let op!

Werken in Friesland beperkt aanwezig van 26 juli tot en met 10 augustus. Kijk voor meer info onder de rubriek Nieuws.

Terug naar vacatures

Finance & Control Officer (0,6 - 0,8 fte)

Fryske Akademy

Benodigde opleiding: HBO

Dienstverband: Tijdelijk/Parttime

Aantal uren per week: 22,8 - 30,4

Gepubliceerd op : 03-07-2026

Sluitingsdatum : 09-08-2026

De Stichting Fryske Akademy docht al goed 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike impact en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

 

Wy sykje in

Finance & Control Officer (0,6 - 0,8 fte)

 

Oer de funksje

Wolsto mei dyn finansjele ekspertize écht ferskil meitsje? By de Fryske Akademy wurkest net allinnich mei sifers, mar draachst direkt by oan unyk wittenskiplik ûndersyk mei maatskiplike betsjutting. Op ús prachtige lokaasje yn it âlde sintrum fan Ljouwert sykje wy in bedreaune en finansjeel profesjonal dy't breed oriïntearre is, hâldt fan ferantwurdlikheid, ôfwikseling én gearwurkje yn in ynspirearjende omjouwing. 

 

Dyn impact

As betûft Finance & Control Officer bisto de stabile faktor efter ús organisaasje. Do soargest dat finansjeel alles op oarder en oersichtlik is en yn ûntwikkeling bliuwt. Mei tank oan dy kinne ûndersikers harren rjochtsje op wêr't sy goed yn binne: wittenskiplik ûndersyk dwaan. Do hast dêryn in liedende rol yn de projektadministraasje. 

 

Wat silst dwaan?

Do rjochtest selsstannich projektadministraasjes yn foar ynterne en subsydzjeprojekten, stipest by (projekt)rapportaazjes, stipest by it oanfreegjen fan (Ynternasjonale) subsydzjes, begruttingen en de jierrekken en bist it finansjele oansprekpunt binnen de organisaasje. Dêrneist spilest in wichtige rol by it ynfieren fan in nij finansjeel systeem en ferfangst it ôfdielingshaad by ôfwêzigens. 

 

Wa bisto?

Do hast in finansjele oplieding (mbû+/hbû) foltôge, hast minimaal 5 jier ûnderfining yn in finansjeel-administrative funksje, bist analytysk sterk, wurkest sekuer en fielst dy thús yn in dynamyske omjouwing. Do skeakelest sûnder muoite tusken it útfieren en meitinken en bist feardich mei Excel. Do bist thús yn de Fryske taal, sawol yn wurd as skrift, of bist ree om dat te learen. 

 

Wat biede wy dy? 

  • In ynspirearjend wurkplak yn Ljouwert, hybride wurkje, in profesjoneel en ynformeel team.
  • Romte om foar in part thús te wurkjen. Moandei is ús kantoardei.
  • Ofhinklik fan oplieding en wurkûnderfining krijst in oanstelling yn it UFO-profyl Administrateur nivo 2, skaal 9 cao Nederlandse Universiteiten.
  • Tal oeren yn oerlis.
  • Poerbêste sekundêre arbeidsbetingsten, lykas pensjoenopbou by it ABP, reiskostefergoeding en in fêste ein-fan-it-jierútkearing (8,3%).
  • Oanstelling foar ien jier mei útsjoch op in fêst tsjinstferbân.
  • Laptop en telefoan fan de Fryske Akademy.
  • Folop romte foar eigen inisjatyf en ûntwikkeling. 

     

Ynteresse?

Wy fertelle dy graach mear oer dizze funksje. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Koördinator Bedriuwsfiering Nienke van Meerveld, fia it e-mailadres nvanmeerveld@fryske-akademy.nl of telefoannûmer 058-2131414 (resepsje). 

Wolst sollisitearje?

Dan kinst dyn motivaasjebrief en dyn cv oant 9 augustus e-maile oan de Ofdieling HR, û.f.f. ‘Finance & Control’ nei wurkje@fryske-akademy.nl. De sollisitaasjepetearen wurde hâlden op moandei 17 augustus.


Wil je meer weten?

Voor verdere informatie over de functie kun je terecht bij:
Nienke van Meerveld Koördinator Bedriuwsfiering

nvanmeerveld@fryske-akademy.nl

Voor informatie over sollicitatieprocedure en de rechtspositie kun je terecht bij :
Anne Mulder HR adviseur
058-2131414
amulder@fryske-akademy.nl


Online solliciteren?

Heb je interesse in deze vacature? Stuur dan een e-mail met cv en motivatie naar: wurkje@fryske-akademy.nl
We lezen graag wat jouw motivatie is om op deze vacature te reageren.
Sollicitaties moeten uiterlijk 09-08-2026 binnen zijn.

Solliciteer