IENJIERRIGE POSTDOKBEURS
Fryske Akademy
Benodigde opleiding: WO+
Dienstverband: Tijdelijk/Parttime
Aantal uren per week: 30,4 - 38
Gepubliceerd op : 02-06-2026
Sluitingsdatum : 27-06-2026
De Fryske Akademy en de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC) fan de
Universiteit fan Cambridge biede oan in
IENJIERRIGE POSTDOKBEURS
0,8-1,0 fte,start yn septimber 2026
Fan de postdoktoraal ûndersiker wurdt ferwachte dat hy of sy in eigen ûndersyksprojekt fierder ûntwikkelet en útfiert, oer de betrekkingen tusken Frisia en Grut-Brittannië, Ierlân, en/of Skandinavië yn de iere midsiuwen (sa. 400–1100), oangeande de skiednis, archeology, literatuer, taal of in kombinaasje fan dissiplinêre wurkwizen. De postdok krijt de unike kâns om ûndersyk te ûntwikkeljen yn line mei de ekspertize fan beide ynstellings, wat resultearje moatte soe yn in publikaasje of presintaasje en in ferfolchoanfraach. De postdok sil de stipe krije fan in mentor fan elke ynstelling. Wy ferwachtsje dat kandidaten selsstannich wurkje, mar op syn minst twa byienkomsten hawwe mei beide begelieders, ien yn Ljouwert en ien yn Cambridge.
As ûnderdiel fan de beurs wurdt fan de postdok frege om op syn minst ien akademysk evenemint te organisearjen of deroan diel te nimmen by ien of beide ynstellingen. Dat kin in (publike) lêzing, workshop of wat oars wêze. Fan de postdok wurdt ferwachte dat de resultaten oplevere wurde sa as dy beskreaun binne yn in ôfsprutsen wurkplan, ynklusyf de publikaasje, dan wol presintaasje en de ferfolchoanfraach.
De beurs wurdt takend foar in perioade fan ien jier, mei yngong fan septimber 2026, en is ferbûn oan de Fryske Akademy, dêr't de selektearre kandidaat yn tsjinst trede sil. De beurs omfettet ek in gastbeurs fan trije moannen by de ôfdieling ASNC yn it Feriene Keninkryk.
Geskiktheid
- Kandidaten moatte beskikke oer in PhD foar de startdatum fan de beurs.
- Kandidaten moatte floeiend Ingelsk prate.
- Feardichheden yn it Nederlânsk en/of Frysk binne in pree.
- Wy steane iepen foar alle nasjonaliteiten, salang't men yn ’e beneaming komme kin om yn Nederlân te wurkjen en trije moanne yn it Feriene Keninkryk te ferbliuwen.
Foar wurkjen yn Nederlân: Work | IND.
Foar wurkjen yn it FK: Check if you need a UK visa - GOV.UK.
Betingsten
- In arbeidsoerienkomst foar 12 moannen, leafst 0,8 -1,0 fte.
- It wurk en de salarissen by de Fryske Akademy falle ûnder it Nederlânsk rjocht en de CAO UNL. Salaris is op basis fan skaal 11 (Onderzoeker 3), €4.728 - €6.433 smoarch yn 'e moanne op basis fan fte en ûnderfining.
- In ein-fan-it-jierútkearing, fakânsjetaslach en in goede pensjoenopbou.
- Stipe by it finen fan húsfesting yn 'e trije moanne duorjende besite oan Cambridge.
- Do krijst de kâns om te wurkjen op in moai wurkplak yn it stedssintrum fan Ljouwert (Nederlân).
Wolst sollisitearje?
Ynteressearre kandidaten wurde útnûge om foar 28 juny 2026 te sollisitearjen fia e-mail, wurkje@fryske-akademy.nl, mei as ûnderwerp fan it berjocht ‘Fellowship 2026’.
Dyn sollisitaasje bestiet út in:
- motivaasjebrief;
- cv (maks. 4 siden);
- ûndersyksfoarstel (maks. 1500 wurden) dêr't it beëage ûnderwerp yn beljochtet wurdt binnen de hjirboppe sketste parameters, ynklusyf in helber wurkplan mei mylpeallen, in beskriuwing fan hoe't it projekt oanslút by it ûndersyk oan beide ynstellings, en wat de beëage resultaten wêze sille (mei op syn minst ien publikaasje of presintaasje en in ferfolchoanfraach).
Wy freegje ek om in oanbefellingsbrief fan in akademyske referint mei kontaktgegevens, dy't direkt nei ús stjoerd wurdt fia wurkje@fryske-akademy.nl. Selektearre kandidaten wurde útnûge foar in petear, it leafst persoanlik en oars online, yn wike 27.
Mear witte?
Wy fertelle dy graach mear oer dizze funksje. Nim kontakt op mei prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA fia e-mail (nijssennagger@fryske-akademy.nl) of it telefoannûmer +31 058 213 14 14 (resepsje).
Dizze beurs is mooglik makke tanksij de golle stipe fan it
Frysk Akademy Fûns en it Dennis Green-fûns.
Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere stelle wy net op priis.
Wil je meer weten?
Voor verdere informatie over de functie kun je terecht bij:
Nelleke IJssennagger-van der Pluijm
Direkteur-bestjoerder
+31 058 213 14 14
nijssennagger@fryske-akademy.nl
Online solliciteren?
Heb je interesse in deze vacature? Stuur dan een e-mail met cv en motivatie naar: wurkje@fryske-akademy.nl
We lezen graag wat jouw motivatie is om op deze vacature te reageren.
Sollicitaties moeten uiterlijk 27-06-2026 binnen zijn.